Informatie over deze organisatie
Meartaligens befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Ut ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om har op jonge leeftyd mear as ien taal eigen te meitsjen. It SFBO "Kennissintrum meartaligens jonge bern" wol alle bern yn Fryslân de kâns biede har twatalich te ûntwikkeljen. Wy helpe pedagogisch meiwurkers yn 'e berne- en pjutte-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Persoanlik en saakkundich.